Lieuwe Westra tiidritkampioen
Автор: Omrop Fryslân
Загружено: 2012-06-21
Просмотров: 1749
Описание: Lieuwe Westra is woansdeitejûn Nederlânsk kampioen tiidriden wurden. Yn Emmen pakte de 29-jierrige Tynster nei 45 kilometer syn earste nasjonale titel troch Lars Boom en Niki Terpstra foar te bliuwen. De striid tusken dy trije mannen wie spannend. Healwei hie Westra ien sekonde foarsprong op Terpstra en fiif op Boom. Op de einsteek wie it ferskil mei Boom acht tellen en mei Terpstra 21. Lieuwe Westra wie fier foar it NK troch bûnscoach Leo van Vliet al oanwiisd foar de Olympyske tiidrit yn Londen op 1 augustus.
Повторяем попытку...
Доступные форматы для скачивания:
Скачать видео
-
Информация по загрузке: