2026 1 jannewaris Nijjiersdûk
Автор: Aldfaerserf Bitgum-Bitgummole
Загружено: 2026-01-02
Просмотров: 112
Описание:
2026 1 jannewaris,
Dêr't de measte Nijjiersdûken skrast waarden fanwegen stoarmwaar koe dy yn Bitgummole trochgean en op it stuit fan de dûk it waar ús ek noch talake.
Om 13.00 oere hinne waard it ynienen drok by IJsbaan Bitgummole.
Foaral it jongerein stien te traapjen om it iiskâlde wetter yn te springen, ekstra spannend want in dei earder lei der noch iis op itselde plak.
Wat fuort opfoel: mear froulju as manlju weagen har oan dit frisse spektakel. De hearen stiene foaral goed ta te sjen... en oan te moedigjen: Nei de rappe plons wie it tiid foar herstel mei waarme poeiermolke en snert.
Alles wie op en top regele troch ferienings De Maeyebeam en IJsklup De Trije Doarpen.
Kâld? Gesellich? Absolút!
Повторяем попытку...
Доступные форматы для скачивания:
Скачать видео
-
Информация по загрузке: