Fryske Top 100 fan 17 desimber 2011
Автор: Omrop Fryslân
Загружено: 2011-12-16
Просмотров: 3164
Описание:
Sneon alwer de tredde ôflevering fan Fryske Top 100 TV. De 'Topper' is dizze wike Eddy Dijkstra, mei syn soannen Rik en Jasper Dijksta. Sy sjonge mei-inoar de hit 'Efkes Werom'. It twadde nûmer dat se sjonge sille is in cover fan 'De mem fan Doutzen', fan de Doelleazen. De Dijkstra's hawwe it nûmer bewurke en it resultaat hearre jo sneon yn Fryske Top 100 TV.
De 'Tipper' is dizze wike Tet Rozendal. Sy sjongt har ferske 'Bern fan de wâlden'.
Ferslachjouwer Femke de Walle siket dit kear út hoe't de hit 'Harlekyn' ta stân kommen is. Femke sil op besite by de skriuwer en sjonger fan it liet: Ernst Langhout.
Presintatoaren Wim Brons en Geert van Tuinen ynterviewe de live artysten en de Top 100 TV-kwis is der ek wer. Fryske Top 100 TV is opnommen yn muzykkafee Ma Kelly's yn Fryske Peallen.
Повторяем попытку...
Доступные форматы для скачивания:
Скачать видео
-
Информация по загрузке: