Oerfal op juwelier op de Nijstêd yn Ljouwert
Автор: Omrop Fryslân
Загружено: 2011-03-15
Просмотров: 4867
Описание:
Tiisdei om healwei alven hat der in oerfal west op in juwelierssaak oan de Nijstêd yn Ljouwert. Twa ûnbekenden kamen de winkel yn en bedrigen in meiwurker mei in pistoal. It is op dit stuit noch ûndúdlik oft se jild of juwelen meikrigen hawwe en oft der ek klanten yn de saak wiene. De beide dieders naaiden út op in scooter.
De plysje sette fuortendaliks in Burgernetaksje op. Dêrby waarden minsken oproppen nei de dieders út te sjen, mar foaral net sels yn te gripen. Dit fanwege it pistoal dat de twa dieders by harren hawwe. De bylden binne makke troch Frans Filius út Ljouwert.
Повторяем попытку...
Доступные форматы для скачивания:
Скачать видео
-
Информация по загрузке: